3 Ljouwerters ruilje fan hûs

14 maaie 2012 - 11:56

It ruiljen fan wenten soe in oplossing wêze kinne foar de fêstsittende huzemerk. Dat die moandei bliken by notaris Postma yn Ljouwert. Dêr passearden tagelyk trije akten fan trije húshâldings dy't fan hûs ruilden. En soks is unyk yn Fryslân.

Der moast ûnder lieding fan de makelder wol lang praat wurde troch de famyljes Korsten, Tjittes en Wiggers, mar se kamen derút, wylst har eigen wenten al langer dan in jier te keap stienen. Foar sa'n deal binne neffens makelder De Witte minsken nedich dy fierder sjogge as allinnich de heechste priis.

De húshâldings moatte ek oerlizze wolle, want der moat fan alles regele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)