"Konkurrinsje yn de soarch mei net ferdwine"

De gearwurking yn de soarch yn Súdwest-Fryslân is in goed idee, mar de konkurrinsje mei net ferdwine. Dat giet ten koste fan de kliïnten, seit sûnensekonoom Wim Groot fan de universiteit fan Maastricht.
Acht soarchorganisaasjes yn de Súdwesthoeke wolle fiergeand gearwurkje. Dat makken se tongersdei bekend. De konkurrinsje ferdwynt foar it grutste part. Sa moat effisjinter wurke wurde en jild besparre wurde.
De sûnensekonoom jout oan dat konkurrinsje yn de soarch altyd nedich is, omdat elts syn eigen foarkar hat foar bygelyks in thússoarchorganisaasje of ferpleechhûs. De frijheid om dêr in kar yn te meitsjen moat bliuwe, seit Groot.