Thea Koster hâldt op as wethâlder fan Ljouwert

Thea Koster hâldt op as wethâlder fan Ljouwert. Se is fan 1 jannewaris takom jier lid fan de ried fan bestjoer fan it Deltion College yn Zwolle.
Friso Douwstra, no fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert, folget har op. Yn oparbeidzjen mei de oare CDA wethâlder Harry van der Molen wurdt besjoen wa't hokker portefúljes ynfolje sil.
Thea Koster is al 15 jier dwaande yn de gemeentepolityk. In jier lyn hat se de partij al witte litten dat se op syk wie nei wat oars. Dizze baan past goed by har ambysjes. De Twadde Keamer wol se net yn. Se fynt harsels mear in bestjoerder as in folksfertsjinwurdiger.
Koster folget Marc Otto op dy't nei sa'n 7 jier fuortgiet by de skoalle. Koster nimt de portefúlje finânsjes, HRD, marketing en kommunikaasje, en Deltion Business en Ondernemerschap foar har rekken.
It CDA yn Ljouwert rekket hjirmei begjin takom jier beide wethâlders kwyt. Van der Molen stiet heech op de CDA-list foar de Twadde Keamerferkiezings yn maart. Sa goed as wis fertrekt hy dan rjochting Den Haach. Wa't him opfolget is noch net dúdlik.