Cambuur-Ajax in histoaryske jûn op werhelling

28 okt 2016 - 11:26

De skiednis hat de kâns him te werheljen, no't Cambuur opnij tsjin Ajax lotte hat yn de beker. In moai affysje mar in minne lotting, dat moatte se tweintich jier lyn ek tocht hawwe doe't Sportklup Cambuur de wrâldkampioen Ajax op besite krige yn de beker. Op papier wie der gjin begjinnen oan foar de Ljouwerters. Ajax wie twa moanne foar de bekerwedstriid yn Japan noch kroand ta wrâldkampioen, wylst Cambuur yn it seizoen 1995/1996 himsels oan it bewizen wie yn de earste difyzje.

Dochs wie der in sprankje hoop foar de Ljouwerters, om't Ajax yn de wiken foarôfgeand oan de wedstriid krekt ferlern hie fan Willem II, en lyk spile hie tsjin Sparta Rotterdam. Al wie trainer Han Berger neffens de berjochten yn 1996 net hoopfol:

"Trainer Han Berger is realistysk oer de
kânsen. Nei tiisdei leit Cambuur
derút. Want fan de wrâldkampioen
is hast net te winnen."

Barre winter

De omstannichheden foar de wedstriid wiene hast net ferantwurde. Wylst de fuotbalwrâld yn Fryslân him opmakke foar in sportive wedstriid, wie de rest fan de provinsje mei hele oare saken dwaande. It waar wie yn de wike fan 30 jannewaris 1996 nammentlik sa kâld dat de Alvestêdekoarts behoarlik heech oprûn wie. Der waard al praat oer iistransplantaasjes om de Tocht der Tochten in ekstra hantsje te helpen. In dei foar de wedstriid wie it sels noch de fraach at de wedstriid Cambuur - Ajax hielendal wol trochgean koe. Uteinlik giene de ljochten dochs op grien foar de bekerstriid:

"It is hartsje winter en dochs wurdt der jûn gewoan fuotballe
yn it Cambuur-stadion. Op it stienhurde fjild kin neffens de
nijste KNVB-noarmen de bekerwedstriid Cambuur-Ajax spile
wurde. It 12.000 man sterke publyk krijt it wol iiskâld, want
de gefoelstemperatuer sil jûn -13 graden wêze. Der
sille jûn dan ek ekstra EHBO-ers paraat wêze. De wedstriid
giet gewoan troch dus. Hat dat te meitsjen mei Ajax dat
frijwol gjin spyldagen troch de wike beskikber mear hat."

En net allinnich it publyk op de tribunes stie in tige kâlde jûn te wachtsjen. De lieding fan Cambuur hie noed oer de sûnens fan de spilers yn de barre omstannichheden en skeakele de help fan de GGD yn:

"De gefoelstemperatuer mei foar de
fuotballers net te leech wêze.
Mar nei oerlis mei in GGD-dokter,
neamt de lieding fan Cambuur it
ferantwurde dat der jûn gewoan
fuotballe wurdt."

De wedstriid

De Ajax-spilers mei dêrby ûnder oare Jari Litmanen, Frank en Ronald de Boer, en Patrick Kluivert komme yn Ljouwert dan ek goed ynpakt it fjild op: lange mouwen, moffen en de maillots oan. Guon Cambuurspilers hawwe lykwols net al te folle op fan de miening fan de GGD en spylje gewoan yn koarte broek mei bleate skonken. In inkeling hat sels in shirt mei koarte mouwen oanlutsen. Bikkels út it Noarden.

Ajax hat yn de wedstriid it measte de bal, en wit ek in oantal goeie kânsen te kreëarjen, mar in doelpunt falt net. It is Cambuur dat troch in misferstân yn de Ajax ferdediging op foarsprong komt. René van Rijswijk wit de bal noch foar rêst yn it net fan de Amsterdammers te krijen. Nei it skoft besiket Ajax mei alle macht om de wedstriid wer om te draaien, mar nettsjinsteande inkele 100 prosint kânsen slagje de Amsterdammers der net yn om te skoaren. Milco Pieren is úteinlik dejinge dy't de wedstriid beslist, en de 2-0 foar Cambuur binnensjit.

In werhelling?

Fierder as de kwartfinale komme de Ljouwerters dêrnei lykwols net. Se ferlieze yn de folgjende ronde mei 1-0 fan Sparta Rotterdam. Mar wa wit, kin de skiednis him dit seizoen in bytsje werhelje foar de Ljouwerter fuotbalklup, en kin de wedstriid tsjin Ajax wer op sa'n bysûndere wize wûn wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)