Cambuur: ôfskie mei kater

14 maaie 2012 - 10:10

De spilers fan Cambuur binne moandei grif mei it gefoel fan in kater wekker wurden. Se wiene sa ticht by de finale fan de playoffs, mar yn de blessueretiid gie it snein mis tsjin VVV Venlo. It waard 4-3 yn de knotsgekke wedstriid en sadwaande wie de teloarstelling tige grut yn it Cambuur-kamp. It seizoen sit der yn ien klap op en foar guon spilers wie it de lêste wedstriid foar Cambuur. Ozan Turk is ien fan harren, mar it jildt ek foar Mark de Vries.

De spilersbus waard sneintejûn yn Ljouwert opwachte troch in pear hûndert fans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)