Kollum: "Lama yn 'e loopgraaf"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"Tafallich seach ik it op telefyzje: hoe't presintator Patrick Lodiers mei in helm op troch de modder fan in loopgraaf yn Oekraïne strúnde. Wat docht dy man dêr, frege ik my ôf. Patrick is in telefyzjepresintator. De measte minsken kinne him fan BNN programma’s sa as it humoristiske 'De Lama’s'. Hy hat ek foarsitter west fan BNN. Mar oarlochssjoernalist is hy net. Dus wêrom sjoch ik him yn Brandpunt ferslach dwaan fan in oarloch?
Dizze wike skreaune Helene van Santen op de site fan de Nederlandse Vereniging van Journalisten in column oer: de BN’er as sjoernalist. It is in trend. Se skriuwt: 'Zo interviewen twee bekende Nederlanders elkaar maandelijks in LINDA, liet RTL Late Night onlangs een praatgesprek met Mariah Carey over aan Gordon en mocht Jan Kooijman voor RTL Boulevard naar Los Angeles vliegen om Julianne Moore te ondervragen.'
Ha sokke programma’s net gewoan goede sjoernalisten yn tsjinst om dit wurk te dwaan, freget se har ôf. Want it is al in vak, interviewe en ferslach dwaan fan in oarloch.
By Brandpunt ha we dus Patrick Lodiers yn de loopgraven fan Donetsk, mar ek reportages mei koppen as 'Liesbeth Staats op zoek naar jonge vluchtelingen in Athene' en 'Eva Jinek op pad met de politie van Camden: één van de armste en crimineelste steden van de VS'. No binne Staats en Jinek al sjoernalisten, mar beide wurkje net yn Athene respektyflik de VS. It binne BN’ers, telefyzjestudiogesichten. Wat dogge se dêr?
Dat Gordon in sjongeres ynterviewt, op in manier dy’t trouwens je de teannen kromjen docht, dêr kin ik op himsels nog wol mei libje. Mar yn in respektabel telefyzjeprogramma as Brandpunt mient dus dat har publyk allinnich nijsgjirrich is nei in trochgeande oarloch, wannear't der in BN’er ferslach fan docht. Dat is wol hiel slim.
Ik probearje my it gesicht fan David Jan Godfroid foar te stellen, de korrespondint yn Moskou fan NOS en Nieuwsuur, wannear't hy nei Patrick Lodiers sit te sjen. David Jan wie de man dy’t we út en tenei seagen nei de crash fan MH17, mar dêrfoar rapportearre hy ek al oer Ruslân en Oekraïne. Dy man hoechst neat wiis te meitsjen oer dat konflikt.
Ik stel my sa foar dat hy hast elke dei op de radio of op de telefyzje ferslach dwaan wol oer it konflikt Oekraïne. Mar dat hy de kâns net kriget; ús fokus leit al wer earne oars. David Jan moat fjochtsje om it ferhaal fan de trochgeande ellinde yn Oekraïne yn byld te krijen by it Nederlânske publyk, stel ik my sa foar. En dan stiet dy Lama fan in Lodiers ynienen yn ien of oare loopgraaf, dêr’t elkenien Russysk praat, behalve hy.
Helene van Santen fan de NVJ huveret by de gedachte dat de takomst fan sjoernalisten it skriuwen fan teksten foar stjerren is. Ik huverje in bytsje mei har mei."