Oppakt foar poging ta deaslach

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat snein twa Ljouwerters fan 23 en 49 jier oanhâlden nei in rúzje. De manlju hiene spul mei-inoar krigen en de 23-jierrige wie yn de Giekstrjitte mei syn auto ferskate kearen ynriden op syn plakgenoat. Dy waard rekke en foel, wêrnei't de autobestjoerder útnaaide.
De man dy't oanriden wie hie tefolle dronken en woe net meiwurkje mei de helpferlieners. Hy misledige plysje en ambulânsepersoniel. Hy waard oppakt. Letter waard ek de oare Ljouwerter oanholden. Syn auto is yn beslach naam. Beide manlju sitte noch fêst.