Beker: Cambuur lottet Ajax, Hearrenfean nei IJsselmeervogels

27 okt 2016 - 23:40
Foto: ANP

SC Cambuur hat in swiere tsjinstanner lotte yn de achtste finale om de KNVB beker. De Ljouwerters spylje thús tsjin Ajax. Dat is tongersdeitejûn bekend wurden by de lotting yn Eindhoven.

Sportklup Hearrenfean spilet in útwedstriid yn Spakenburg tsjin IJsselmeervogels. Nijsgjirrich detail: De trainer fan IJsselmeervogels is Sandor van der Heide, de âld assistint-trainer fan SC Cambuur.

De wedstriden wurde spile op 13, 14 of 15 desimber.

(advertinsje)
(advertinsje)