Ferheging toeristebelesting Súdwest-Fryslân noch ûnwis

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân is der noch net út oft se it foarstel fan it b. en w. oer de ferheging fan de toeristebelesting stipet. It foarstel de toeristebelesting mei 25% te ferheegjen waard tongersdeitejûn bepraat yn de kommisje. De belesting soe fan 1 euro de persoan de nacht nei 1,25 euro moatte.
Benammen de grutste partijen CDA, PvdA en FNP witte net oft se dêrachter stean. De VVD en Gemeentebelangen binne tsjin. Grien Links hat him posityf útspruten oer de ferheging.
De gemeente wol de toeristebelesting ferheegje om mear jild binne te heljen foar it yn de merk setten fan de regio. Rekreaasje-organisaasjes Recron en Hiswa binne tsjin de ferheging en fine it útmelkerij.