Man Langelille bedriicht frou
De plysje hat snein man út Langelille (22) oanholden om't er in frou fan 48 jier út Bantegea bedrige. De fertochte soe neffens ôfspraak guod út de skuorre fan de frou meinimme. De twa krigen lykwols spul. De man waard lulk en bedrige de frou. Ek smiet er in akku nei har ta. Dêrnei naaide er út.
De plysje hat de man yn syn wenning oanholden.