SC Hearrenfean nei achtste finale KNVB beker

Sportklup Hearrenfean hat de achtste finale fan de KNVB beker helle. Se wûnen tongersdeitejûn yn Eindhoven mei 2-1 fan FC Eindhoven.
Hearrenfean kaam sterk út de startblokken. Younes Namli sette de Feansters nei 19 minuten op foarsprong mei in moai ôfstânsskot dat keeper Swinkels kânsleas liet. Reza sette de ploech fan trainer Streppel dêrnei op in fertsjinne 2-0.
FC Eindhoven brocht de spanning werom yn de wedstriid troch fjouwer minuten letter de oanslutingstreffer te meitsjen. Fierder as de 2-1 liet Hearrenfean it lykwols net komme.
Letter tongersdeitejûn wurdt de lotting dien foar de achtste finale.