Gearwurking Kampus Kollum ûndertekene, boumasters no oan set

Fertsjintwurdigers fan de twa skoallen, de biblioteek, De Colle en de boargemaster ûndertekenje de oerienkomst © De Vries Media
Yn it gemeentehûs fan Kollum is tongersdeitemiddei in gearwurkingsoerienkomst foar Kampus Kollum ûndertekene. Dat moat in sintrum wurde foar kultuer en edukaasje. Yn it nije gebou komme twa skoallen, in biblioteek en it doarpshûs.
De bestjoerders fan iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles, It Lauwers Kolleezje, Stichting Biblioteken Noard-Fryslân, Stichting mienskipssintrum De Colle en de gemeente Kollumerlân wiene dêrby. Yn de oerienkomst stiet in beskriuwing fan de easken oan de nijbou en de wize fan finansierjen en gearwurking nei de bou.
Nei de ûndertekening krije fjouwer arsjitekten de opdracht om in ûntwerp te meitsjen foar de nijbou.