Omfallen boukraan yn Amsterdam is fan bedriuw út Harns

27 okt 2016 - 19:39
De kraan stie der yn ferbân mei de ferpleatsing fan in driuwend Sineesk restaurant - Foto: AT5

De boukraan dy't tongersdeitemoarn omfoel by wurksumheden op de Oosterdokskade yn Amsterdam, is fan it Harnzer bedriuw De Boer & De Groot. De kraan foel op in rinbrêge en bedarre foar de helte yn it wetter. De kraan waard brûkt yn ferbân mei it ferpleatsen fan it driuwende Sineeske restaurant Sea Palace, net fier fan it Sintraal Stasjon.

It is noch net bekend wêrom't de kraan omfallen is. By it ynsidint binne gjin minsken ferwûne rekke. De kraan hat wol skea oprûn.

Neffens de Amsterdamske stjoerder AT5 foelen der wol in pear wurklju yn it wetter. In strjitlizzer dy't it seach, sei: "Ik dacht dat ze hartstikke dood waren, dus ik stap snel de bus uit. Maar gelukkig zag ik ze zwemmen."

It is net foar it earst dat der wat misgiet mei in kraan op it wurkskip fan dit bedriuw. Yn 2013 knakte de gyk fan de kraan by it wurk oan in brêge yn Grins. Dêrby rekke doe net ien ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)