Ferheging toeristebelesting Súdwest-Fryslân útmelkerij?

27 okt 2016 - 18:30
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De Recron en de Hiswa fiere tongersdeitejûn aksje tsjin it ferheegjen fan de toeristebelesting yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De twa rekreaasje-organisaasjes hawwe in keunstko foar it gemeentehûs yn Drylts delset, mei dêrneist in boerd dêr't op stiet 'uitgemolken'. Se hoopje mei de aksje it beslút fan it kolleezje fan b. en w. om de toeristebelêsting mei 25% te ferheegjen, fan de baan te krijen.

De gemeente Súdwest-Fryslân wol de toeristebelesting ferheegje om mear jild binne te krijen foar it yn de merk setten fan de regio.

Toeristen moatte fan 1 jannewaris 2017 ôf net mear 1 euro de persoan de nacht, mar 1,25 euro betelje, sa is it doel. It is foar it earst yn jierren dat de gemeente de toeristebelesting ferheegje wol.

De ûndernimmers yn de gemeente binne ferdield oer de ferheging. Sa binne guon benaud dat troch de hegere tariven toeristen net mear komme. Oaren binne bliid dat de gemeente lang om let jild útlûkt foar in goede reklamekampanje. De gemeenteried praat nije wike oer de plannen foar ferheging fan de toeristebelesting mei 25%.

(Advertinsje)
(Advertinsje)