Moasje fan wantrouwen tsjin wethâlders ferwurpen

Riedsgearkomste yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Gemeentebelangen Achtkarspelen hat by de riedsgearkomste fan tongersdeitemiddei in moasje fan wantrouwen yntsjinne tsjin wethâlders Gerda Postma fan de PvdA en Harjan Bruining fan it CDA. De moasje is yn stimming brocht en mei in mearderheid fan stimmen ferwurpen.
Yn de gemeente Achtkarspelen wie fan 't simmer in bestjoerskrisis. It kolleezje fan b. en w. moast opstappe en de sittende partijen FNP en Gemeentebelangen kamen net werom yn it nije kolleezje. It nije kolleezje bestiet út CDA, PvdA en ChristenUnie.
By de riedsgearkomste fan tongersdeitemiddei waard ûnder oare de begrutting foar takom jier bepraat.