Tweintich prosint mear mageferlytsings yn sikehûs MCL

27 okt 2016 - 17:44

It MCL yn Ljouwert kriget hieltyd mear obesitaspasjinten oer de flier. Dit jier binne yn it sikehûs 20 persint mear mageferlytsings dien as ferline jier. Mei-inoar binne dat 750 operaasjes. Foar takom jier wol it MCL noch fierder útwreidzje nei tûzen fan soksoarte operaasjes. Dêr moat noch oer oerlein wurde mei de soarchfersekerders.

Groulivigens is in probleem dat hieltyd grutter wurdt. Dêr moat mear omtinken foar komme, fynt in groep Amsterdamske sjirurgen

Sûkertaks

Sjirurch Marloes Emous fan MCL slút har oan by it ynstjoerde stik fan de Amsterdamske sjirurgen. Neffens har moatte de oerheid, skoallen en de minsken sels folle mear dwaan om obesitas tsjin te gean. Ek in sûkertaks, in ekstra belesting op produkten mei dêryn in soad sûker, soe neffens Emous in goede opsje wêze. Se hopet dat troch dy maatregels it tal minsken mei obesitas ôfnimt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)