Utfierders nedich foar grutte projekten yn Weststellingwerf

De winkelstrjitte yn Wolvegea © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De gemeente Weststellingwerf siket help by it ûntwikkeljen fan sân grutte projekten dy't it de kommende jierren fan de grûn krije wol. It giet ûnder oare om it oanlizzen fan rap ynternet, de oanlis fan in fytspaad by De Lende del en it opwurdearjen fan it winkelsintrum fan Wolvegea. De gemeente kin dit net sûnder help fan bûtenôf, seit boargemaster Gerard van Klaveren. Dêrom is Weststellingwerf op syk nei draachflak en partijen dy't meihelpe wolle om de projekten fan de grûn te krijen.