MCL hat nij publyksloket foar fersekeringsfragen

27 okt 2016 - 17:08

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is tongersdei in soarchloket iepene. Minsken kinne dêr telâne mei finansjele fragen. By it loket wurdt advys jûn oer bygelyks fersekeringen of rekkens dy't makke wurde yn it sikehûs. Pasjinten kinne dêr ek sjen oft se wol fersekere binne foar in medyske yngreep.

It MCL seit ien fan de earsten te wêzen yn Nederlân dêr't soks mooglik is. Uteinlik moat it derta liede dat minder minsken tsjin fierstente hege kosten opsjogge nei in ûnferwachtse besite oan it MCL.

"Eigenlijk is het bijzonder dat dit loket er nog niet was en dat we één van de eerste ziekenhuizen in Nederland zijn die dit mogelijk maakt," seit Kees Donkervoort fan de direksje fan it MCL.

Trefwurden: 
MCL Leeuwarden soarchloket
(advertinsje)
(advertinsje)