Bankje by De Feanhoop wurdt ferwaarme mei rotsjende blêden

27 okt 2016 - 16:49

By De Feanhoop wurdt dizze dagen in apart bankje delset oan it Polderhoofdkanaal. It plak dêr't it bankje komt, wurdt ferwaarme troch rotsjende blêden en oar plantaardich materiaal. It is no noch in proefopstelling en tagelyk in keunstprojekt. De saneamde Biomeiler is in kompostbult dêr't waarmte mei opwekt wurde kin. Sneon moat it bankje yn gebrûk naam wurde.

It keunstwurk fan Studio Elmo Vermijs moat ûnderdiel wurde fan in keunstrûte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)