"Waadgebiet moat status Dark Sky wrâlderfguod krije"

27 okt 2016 - 16:40
Dark Sky Park - Foto: Provinsje Grinslân

Der moat in tsjuster wrâlderfguod Waadgebiet komme. Dat sizze mear as fjirtich ynstânsjes en organisaasjes dy't har soargen meitsje dat der safolle ljocht baarnt as it tsjuster is. It tsjuster moat in unike ûnderfining wurde fan it Waadgebiet: ít plak dêr't je noch echt genietsje kinne fan de stjerren. De 43 partijen ûndertekenje sneontejûn yn de Nacht van de Nacht in yntinsjeferklearring om ta in Dark Sky Wrâlderfguod Waadgebiet te kommen.

It giet om ûnder oare de Waadprovinsjes, de eilannen, Rykswettersteat en it ministearje fan Ekonomyske Saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)