GGD Fryslân docht ûndersyk nei jongerein en seks

© Getty Images
De GGD Fryslân docht mei oan in grut lanlik ûndersyk oer jongeren en seks. Jongeren tusken de 12 en de 25 jier folje op skoalle of thús in list yn mei fragen oer leafde, relaasjes en seks. Troch yn kaart te bringen hoe't jongeren dêroer tinke, kin de foarljochting en de help ferbettere wurde.
Lanlik wurdt oan hûnderttûzen jongeren frege om mei te dwaan oan it ûndersyk. De útkomsten wurde takom simmer bekend makke.