Amsterdammer krijt moanne sel foar misbrûk yn Drachten
In man út Amsterdam moat in moanne de sel yn om't er syn dochter misbrûkt hat. Dat barde fjouwer jier lyn, doe't de man yn Drachten wenne. It misbrûk duorre in jier. De rjochtbank nimt it de man bot kwea ôf dat it misbrûk plakfûn doe't hy en de mem fan it famke yn skieding leine. It famke wie doe bot kwetsber.