Sinnepark op it dak fan NHL Ljouwert
Hegeskoalle NHL yn Ljouwert krijt in eigen sinnepark op it dak. Dêrmei kin de NHL eigen enerzjy opwekke. Fierder jout it in soad mooglikheden foar ûndersyk. Der komme meielkoar in lytse 2.000 sinnepanielen op it dak. Dêrmei kin de hegeskoalle noch net de folsleine stroomrekken betelje. De NHL siket nei mooglikheden om noch duorsumer te wurden.