Jild foar mûne Boerum

By de Nasjonale Mûnedagen is it ôfrûne wykein goed 5000 euro ynsammele foar de weropbou fan de mûne Windlust yn Boerum. Dy baarnde yn it peaskewykein folslein ôf, nei't in ploechje jonges by de mûne âlde bibels yn de brân stutsen hie.
De Windlust wie fersekere foar werbou, mar om de mûne folslein yn âlde eare te herstellen, is ekstra jild nedich. Oan de ynsammelaksje fan dit wykein diene tsientallen mûnders út hiel Nederlân mei.