Astronaut André Kuipers weriepenet Van Hall Larenstein

27 okt 2016 - 13:58

Van Hall Larenstein yn Ljouwert weriepenet tongersdei nei moannen fan ferbou. Ien fan de grutte doelen by dy ferbouwing wie it meitsjen fan mear wurk- en learplakken foar de studinten. Boppedat woe de hegeskoalle in mear 'grien' karakter weromkomme litte yn de skoalgebouwen.

Van Hall wol nei eigen sizzen studinten opliede dy't bydrage oan in duorsume nije wrâld. Om it gebou duorsumer te meitsjen is bygelyks 1250 meter oan gongen ferdwûn. Astronaut en wittenskipper André Kuipers ferrjochte de weriepening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)