Kramer wurdt noch net entûsjast fan akkoart mei KNSB

27 okt 2016 - 13:31
Sven Kramer - Foto: Omrop Fryslân

Reedrider Sven Kramer is noch altiten net entûsjast oer it akkoart tusken KNSB, reedriders, gewesten en teams. Dat seit er tsjin de NOS. Hy is benammen benijd nei de lederied fan tongersdeitejûn.

Dêryn moatte de leden (fertsjintwurdigers fan de gewesten en natueriisklups) noch grien ljocht jaan foar de oerienkomst. "Normaalsprutsen is dat in formaliteit, mar mei wat der no spilet bin ik dêr net sa wis fan", seit Kramer. Stimme de leden tongersdeitejûn tsjin, dan is in staking fan de reedriders noch hieltyd mooglik.

"Wy wolle meiprate"

Ien fan de grutte pinepunten is de preemjepot foar de reedriders. Dy woe de KNSB sûnder oerlis mei de reedrydteams lytser meitsje. En benammen it feit dat dat sûnder oerlis gie, wie Kramer yn it ferkearde kielsgat sketten. "Wy wolle meiprate kinne oer dat soarte fan beslissings. It giet ús ek oan", fynt Kramer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)