Soarchorganisaasjes Súdwest-Fryslân koerse op gearwurking

27 okt 2016 - 13:13

Thússoarchynstellings yn Súdwest-Fryslân hawwe tongersdei yn Hotel Galamadammen yn Koudum in yntinsjeoerienkomst foar gearwurking ûndertekene. Neffens Jack Thiadens fan Antonius Soarchgroep, inisjatyfnimmer foar de gearwurking, is it net de fraach oft soarchorganisaasjes yn de regio gearwurkje moatte, mar hoe't se dy gearwurking stâl jaan moatte. Ek soarchfersekerder De Friesland is oanwêzich by it tekenjen fan de oerienkomst.

Thiadens: "Onze cliënten hebben er voordeel van als wij beter gaan samenwerken. Nu heeft iedere organisatie 's nachts auto's rijden. We kunnen dat samen veel beter coördineren." Troch gearwurking kin der ek bettere spesifike soarch jûn wurde. "Door talenten te bundelen kun je betere zorg bieden aan bijvoorbeeld cliënten met dementie." It stribjen is dat de gearwurking yn 2018 in feit is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)