Ambulânse rydt scooter oan yn Drachten

27 okt 2016 - 12:25
Foto: Srfotografie

Op de Oosterstrjitte yn Drachten is tongersdei in scooterrider oanriden troch in ambulânse. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch ûnbekend. De ambulânse wie ûnderweis nei in melding yn de Oosterstrjitte, yn it sintrum fan Drachten. Foar de ferwûne scooterrider is in twadde ambulânse oproppen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)