Kamerabylden by pinautomaat liede plysje nei pinpasdief

27 okt 2016 - 11:36
Pinautomaat - Foto: ANP XTRA

De plysje hat woansdeitejûn op de Eewal yn Ljouwert in 31-jierrige man út de stêd oanholden foar it pinnen mei in stellen pinpas. Dy pas wie 15 oktober meinaam by in ynbraak yn in wenning oan de Buygersstrjitte. Deselde dei is der yn Ljouwert meardere kearen jild opnaam mei de pas.

Nei ûndersyk fan de bylden fan de pinautomaten koe de fertochte oppakt wurde. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)