Dongeradiel wol dúdlikheid oer gaswinning by Ternaard

27 okt 2016 - 11:34

Dongeradiel hat in krityske reaksje stjoerd oan minister Kamp fan Ekonomyske Saken oer de foarnommen gaswinning fan de NAM by Ternaard. De gemeente wol dúdlikheid hawwe oer de gefolgen fan de gaswinning. Ek wol Dongeradiel in útspraak fan de minister dat der definityf gjin sprake mear wêze sil fan opslach fan nukleêr ôffal yn de sâltlagen. Dêrneist fynt de gemeente dat in part fan de gasbaten yn de regio ynvestearre wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)