"Europeesk Parlemint kin neat oan fosfaatproblemen dwaan"

It Europeesk Parlemint kin Nederlân net helpe as it giet om de fosfaatproblemen en it mooglike ferlies fan derogaasje. Dat seit lânbouwurdfierder Jan Huitema fan de liberale fraksje yn it Europeesk Parlemint. Huitema seit dat as reaksje op de 'laarzen-actie' fan ferûntrêste boeren.
Huitema wurdt faak op it probleem oansprutsen, mar kin der net it measte oan dwaan, omdat it Parlemint net oer it ferlienen fan derogaasje giet. Dat is it foech fan de Europeeske kommisje op basis fan fêststeande kritearia.
Maatregels
Neffens Jan Huitema moatte lânbou-organisaasjes én steatssiktaris Van Dam fluch mei-inoar maatregels betinke én trochfiere om der foar te soargjen dat Nederlân wer sa gau mooglik ûnder it saneamde fosfaat-plafond útkomt. Nije plannen binne nedich omdat it eardere plan foar 'fosfaatrjochten' ôfwiisd waard troch de Europeeske Kommisje.
Unrêst by boeren
Sûnt bekend waard dat de fosfaatrjochten net trochgeane yn 2017 is it ûnrêstich ûnder de boeren. Huitema is sels melkfeehâlder by Makkingea en kin him goed foarstelle dat boeren wolris wekker lizze fan de stront-problemen. As Nederlân it rjocht op derogaasje ferspilet, moatte der yn 2018 neffens berekkeningen fan it CBS sa'n 480.000 kij fuort, sa'n 20 % fan it totaal.
Huitema moat dêr net oan tinke en fynt dêrom dat boere-organisaasjes en Ryk alles op alles sette moatte om gau ûnder it fosfaat-plafond út te kommen. Huitema tinkt dat hjirfoar in kombinaasje fan ferskate regels nedich wêze sil. It net ferfangen fan kij dy't fuortgeane soe sa'n maatregel wêze kinne. Huitema tinkt dat in kombinaasje fan ferskate maatregels nedich wêze sil om de fosfaatproduksje wer foldwaande tebek te kringen. It is de ferantwurdlikheid fan Nederlân sels om dy maatregels te nimmen, seit de Europarlemintariër. "De bal leit no by Nederlân."
"Ien minút oer tolven"
CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik warskôge earder dizze wike ek al foar it risiko om de derogaasje te ferliezen. "Zoals Nederland het nu laat plaatsvinden, gaat de derogatie er af. Dat heb ik kortgeleden gehoord van de nitraatcommissie."
Neffens frou Schreijer is it ien minút foar tolven foar de melkfeesektor, miskyn sels wol ien minút oer tolven. Frou Schreijer is ek fan betinken dat de 23 miljoen euro dy't steatssiktaris Van Dam beskikber hat om de problemen op te lossen ûnfoldwaande wêze sil. "Als je weet hoeveel koeien er weg moeten en dat één koe zo'n 1800 euro kost, dan weet je dat dat niet genoeg is", sa seit de kristendemokrate.
Neffens frou Schreijer hawwe in soad boerehúshâldings 'grote zorgen aan de keukentafel'. De maatregels dy't nedich binne komme del op in folsleine werstrukturearring fan de melkfeehâlderij. Frou Schreijer tinkt dêrby ûnder oare oan in regeling foar âldere boeren dy't ophâlde wolle en it stimulearjen fan in mear duorsume 'kringloop-ekonomy' op de boerebedriuwen. Sy tinkt dat Nederlân besykje moat om dêrfoar ek oare jildpotsjes te brûken, lykas de Juncker-jilden foar it oanjeien fan de ekonomy.
Harksit
Om mear dúdlikheid te krijen oer it probleem en de mooglike oplossing organisearret frou Schreijer op 8 desimber in harksit oer it Nederlânske fosfaatprobleem yn it Europeesk Parlemint yn Brussel. Njonken de Nederlânske lânbou-organisaasjes sil ek de nitraat-kommisje fan de Europeeske Uny dêr oan it wurd komme.