Akkoart berikt tusken KNSB en reedriders

It slepende konflikt yn de reedrydwrâld is oplost. De KNSB-direksje en de trije opposysjepartijen (reedriders, gewesten en de merketeams) hawwe woansdeitejûn in akkoart berikt. Hjirtroch is der gjin sprake mear fan in staking dit wykein, en sille de reedriders freed gewoan fan start gean by de seleksjewedstriden foar de wrâldbeker yn Grins.
De preemjepot foar reedriders, dêr't it measte oer te dwaan wie, sil de kommende twa jier oanfolle wurde ta 975.000 euro.
Besuniging
De direksje fan de KNSB en de opposysjepartijen koene inoar de ôfrûne wiken net yn de eagen sjen. It bûn moat besunigje, nei in ferlies fan 2,7 miljoen yn it foarige boekjier. De reedriders, merketeams en gewesten moasten dêrtroch bot ynleverje, en dêr wiene se it net mei iens.