Kânsleas ferlies follybalsters VC Snits by Sliedrecht Sport

26 okt 2016 - 21:14
VC Snits (argyffoto) - Foto: Dijks Fotografie

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe woansdetejûn kânsleas ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn sporthal De Stoep waard it 3-0 foar koprinner Sliedrecht. De setstannen wiene 25-18, 25-13 en 25-14.

Ofrûne wykein wûnen de froulju fan regearjend lânskampioen VC Snits noch ienfâldich mei 3-0 fan Peelpush.

(Advertinsje)
(Advertinsje)