Donkerbroek wint Energie Battle

Donkerbroek hat yn de moanne septimber it measte besunige op enerzjy, en sy hawwe dêrmei de Energie Battle fan de Friese Milieu Federatie en wurkgroep Duurzaam Overtjonger wûn. De Haule is twadde wurden, en Waskemar tredde. It doel fan de Energie Battle wie om sa sunich mooglik om te gean mei elektrisiteit en gas. Oer it algemien is it enerzjyferbrûk mei hast 20 prosint ôfnaam.
It is twa húshâldens sels slagge om 70 prosint te besparjen op elektrisiteit. Woansdeitejûn wie de priisútrikking.