Skiednis fan It Bilt bleatlein yn tsjerke Sint-Anne

De Van Harentsjerke yn Sint-Anne is woansdei weriepene nei in wiidweidige renovaasje. In stikje fan de Biltske skiednis is hjirby oan it ljocht kaam. Under de houten flier sieten al iuwenlang grêfsarken ferstoppe. De sarken foarmje nei de resinte renovaasje wer in part fan de flier fan de tsjerke.
Meastentiids wurde sarken ûnder de houten flier fan de tsjerke timmere. It omheech heljen fan de stiennen is nammentlik djoer. Stichting Alde Fryske Tsjerken fûn it yn dit gefal wol de muoite wurdich om de sarken bleat te lizzen.
De minsken dy't yn de tsjerke fan Sint-Anne lizze, komme út de tiid dat Rembrandt van Rijn yn de tsjerke troude mei Saskia van Uylenburgh. De frou fan Rembrandt waard berne yn Ljouwert, maar groeide op yn Sint-Anne.