RTL Nieuws moat útstjoering oer Alliade rektifisearje

26 okt 2016 - 15:53

RTL Nieuws moat in útstjoering oer soarchgroep Alliade rektifisearje. Dat hat de rjochtbank Midden-Nederlân besletten yn in koart pleit. Yn trije útstjoerings joech RTL omtinken oan mooglike belangeferfrisseling tusken Alliade en har bestjoerders. Yn de tredde útstjoering op 21 septimber, sei RTL dat de bestjoerders opstapt wiene om't se rommele hawwe soene mei soarchbudzjetten fan kwetsbere jongeren.

Dat hie net sa sein wurde mochten, sa seit de rjochtbank, om't der net genôch bewiis is foar de beskuldigings en om't der gjin 'hoor en wederhoor' tapast is. RTL moat it nijsberjocht fan de webside helje, en mei ek net mear sizze dat de bestjoerders rommele hawwe mei de soarchbudzjetten.

Undersyk

De berjochtjouwing fan RTL soarge der noch foar dat de Inspectie voor de Gezondheidszorg en de Nederlandse Zorgautoriteit in ûndersyk nei de gong fan saken dien hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)