Bettere registraasje ferkearsslachtoffers sil gefolgen ha

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
As it Antonius sikehûs yn Snits ek begjint mei de registraasje fan slachtoffers fan ûngelokken, dan ferwachtet deputearre Sietske Poepjes dat dit gefolgen hat foar de oanpak fan provinsjale diken yn it súdwesten fan Fryslân.
Poepjes sei dat nei fragen fan it CDA. Ut in pilot fan it MCL yn Ljouwert die koartlyn bliken dat der 850 ûngelokken mear yn it fersoargingsgebiet wiene as bekend by de plysje. De spoedeaskjende help fan it MCL hie hiel goed byholden wêr, hoe en wannear ferkearsslachtoffers binnen kamen.
De minsken hiene foaral op gemeentelike diken ûngelokken hân, seit Poepjes. Yn it súdwesten fan Fryslân ferwachtet se dat mear op provinsjale diken.