Drokte by tentoanstelling Alma-Tadema, tenei earder iepen

De minsken stean yn de rige foar de kassa's foar Alma-Tadema © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De tentoanstelling oer Alma-Tadema yn it Fries Museum yn Ljouwert krijt safolle besikers oer de flier dat it museum fan woansdei ôf in oere earder iepen giet. Sûnt it begjin fan de eksposysje op 1 oktober hawwe al mear as 30.000 minsken del west om te sjen.
Oant en mei 7 febrewaris takom jier is it museum tenei al om 10:00 oere moarns iepen. It museum ropt minsken op om kaartsjes yn it foar fia ynternet te bestellen, om lange rigen by de kassa foar te kommen.