Bogermanskoalle yn Wommels oer twa jier ticht

26 okt 2016 - 09:13

De middelbere skoalle fan csg Bogerman yn Wommels giet oer twa jier ticht. Dat hat de direksje de meiwurkers en de âlden tiisdei witte litten. Reden fan it beslút is dat it oantal learlingen de lêste jierren stadichoan minder wurdt en dat de ferwachting is dat dit de kommende jierren trochset. De skoalle telt no 108 learlingen. Der wurde fan kommend jier ôf gjin nije learlingen mear talitten.

Mei âlden wurdt praat wêr't learlingen tenei telâne kinne. Derby binne it Marne Kolleezje yn Boalsert en csg Bogerman yn Snits belutsen. Dizze skoallen binne ek ûnderdiel fan skoalkoepel Súdwest-Fryslân. De learlingen yn de boppebou kinne de skoalle yn Wommels ôfmeitsje. Der wurde gjin minsken ûntslein, de meiwurkers kinne op oare skoallen fan de skoalkoepel oan it wurk.

Trefwurden: 
csg Bogerman Wommels skoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)