Redaksje Marsum.info kin net noflik neisitte

26 okt 2016 - 07:27
De doarpswebside fan Marsum

Unbekende dieven binne tiisdeitejûn útnaaid mei de drankjes foar de redaksje fan de webside Marsum.info. De kuolboks mei fjouwer fleskes bier, in flesse reade wyn en twa flessen Rivella waard leechhelle. De kuolboks wie middeis byfolle troch de molkboer en stie bûten by de yngong. Dat giet al jierren goed, mar diskear waard it drinken stellen. De dieven lieten in flesse rosee stean. De redaksje ropt tsjûgen op harren te melden.

Trefwurden: 
stellerij Marsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)