Strieljende Akke Marije: "Ik hie dit echt noait ferwachte"

25 okt 2016 - 23:24

"Ik hie dit echt noait, mar dan ek noait ferwachte", dat sei in strieljende Akke Marije Marinus nei it winnen fan Holland's Next Top Model. Akke Marije hat yn har striid om in topmodellekontrakt alve oare modellen ferslein. De tuskenstannen dy't stadichoan trochkamen joegen Akke Marije al wat in idee fan de útslach: "Ik hie op in gegeven momint al sa yts fan: dit kin net mear misgean."

De finale waard live útstjoerd fanút Amsterdam. It Nederlânske publyk mocht ek wer stimme en Akke Marije hie mei har Fryske sjarme it publyk yn de ôfrûne wiken al lang foar har wûn. De freondinnen fan it nije topmodel seagen de winst al lang oankommen: "It wie altyd al in modeltsje!"

It topmodel liket yn alle gefallen klear foar de takomst: "Der stiet my no in achtbaan te wachtsjen. Ik sil allegearre media-oandacht krije wêryn ik fertelle mei wat ik belibbe haw en wat ik derfan fûn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)