SC Cambuur wint en giet nei achtste finale KNVB beker

25 okt 2016 - 22:31

Sportclub Cambuur stiet yn de achtste finale fan de KNVB beker. Yn Tiel wûnen de Ljouwerters tiisdeitejûn mei mar leafst 4-0 fan TEC. De doelpunten kamen op namme fan Monteiro en Van Deelen. De Ljouwerters hiene inkelde spannende mominten, mar kamen eins nea echt yn gefaar. Al foar de rêst stie it 3-0. En nei it skoft gie Cambuur net achteroer hingjen.

Sels nei de 3-0 foarsprong bleau Cambuur oantrunen op mear doelpunten, mar dat fjirde doelpunt foel pas yn de ekstra tiid. De lotting fan de folgjende ronde fan de KNVB beker is op tongersdei.

Trainer Sipke Hulshoff fan Cambuur is wiis mei it resultaat. "Ik moat ek kompliminten jaan foar de earste helte, ik tink dat der in ûntsettend soad enerzjy ynsiet. Oer it gehiel sjoen wie de djipgong minder as de wedstriid tsjin Oss, mar al mei al in prima resultaat."

Trefwurden: 
SC Cambuur KNVB beker fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)