Koade giel foar Noard-Nederlân yn ferbân mei tichte mist
KNMI jout koade giel foar Noard-Nederlân yn ferbân mei tichte mist. Ek waarwebside weeronline.nl warskôget foar tichte mist yn Fryslân. Op guon plakken soe it sicht weromrinne kinne oant 200 of sels 100 meter. De koade giel duorret yn alle gefallen oant en mei woansdeitemoarn.