Konflikt tusken KNSB en reedriders sleept mar troch

KNSB © Omrop Fryslân
Noch hieltyd is der gjin oplossing yn it reedrydkonflikt tusken de KNSB en de trije opposysjepartijen. De reedriders, gewesten en merketeams binne der tiisdei opnij net útkaam mei it bûn. Hjirtroch driget in unike staking yn it Nederlânske topriden.
Neffens in wurdfierder fan de KNSB lizze der ferskate foarstellen op tafel, dêr't woansdei oer fierder praat wurdt. De stridende partijen hiene eins in deadline foar tiisdei stelt, mar dat hawwe se net helle. "We hopen er nog steeds uit te komen", lit in wurdfierder fan de KNSB witte.
It seizoen op de lange baan soe freed eins offisjeel begjinne mei in wedstriid yn Grins. In dei earder moat de lederied fan de KNSB de definitive begrutting goedkarre. Sûnder in oerienstimming tusken de KNSB en de trije opposysjepartijen liket dat in ûnmooglike klus. Yn dat gefal soe de KNSB Cup troffen wurde kinne troch in staking.
Preemjepot
De wurdfierder fan de KNSB wol neat kwyt oer de ynhâld fan de foarstellen dy't no op tafel lizze. Mar de hichte fan it prizejild foar de reedriders, de lisinsjejilden foar de merketeams en de fergoeding foar de gewesten binne de wichtichste kwestjes. De preemjepot hie ferline jier noch in hichte fan 1,1 miljoen euro, mar is dêrnei ferlege nei 6 ton. De KNSB hat dit bedrach yn de tuskentiid alwer ferhege nei 7,7 ton.
De KNSB hat oer it ôfrûne jier in ferlies fan 2,7 miljoen euro oprûn. It bûn skraste ûnder oare sa'n 30 prosint fan de banen om de begrutting op oarder te krijen. De reedriders, de merketeams en de gewesten moatte lykwols ek behoarlik ynleverje. En dat smyt in protte ergernis en ferset op by de partijen.