Oerienkomst sluten oer beskermjen Nederlânske kust

De Waadkust by Koehoal © Remco de Vries
Der is in prinsipe-akkoart oer it beskermjen fan de Nederlânske kust. Dat litte ferskate natuerorganisaasjes witte. Yn it kustpakt dat de organisaasjes sluten hawwe mei minister Schultz van Haegen steane ûnder oare ôfspraken oer de rekreative bebouwing fan de strannen en dunen fan Nederlân.
Sa is it doel dat der bûten it al beboude gebiet,en de besteande projekten gjin nije rekreative bebouwing op it strân en yn de dunen komt. Provinsjes moatte daliks oan it wurk om helder oan te jaan wêr't net mear boud wurde mei.
It is de ferwachting dat it pakt yn novimber tekene wurde sil. De foarming fan it kustpakt hat dêrmei hast in jier duorre.
Natuurmonumenten is bliid mei it akkoart: "Dit kustpact maakt een groot verschil", sa seit direkteur Marc van den Tweel. "Kustlandschappen worden voortaan beter beschermd. Er komt een rem op de recreatieve bebouwing."