Van den Belt wurdt technysk en finansjeel direkteur Cambuur

25 okt 2016 - 19:38

Gerald van den Belt wurdt per 1 novimber technysk en finansjeel direkteur fan SC Cambuur. Van den Belt wie earder al oanlutsen om per desimber de bou fan it nije Cambuurstadion yn goeie banen te lieden. Van den Belt nimt hjirmei de technyske portefúlje oer fan Henry van der Vegt dy't earder dizze moanne opstapte, omdat hy it net iens wie mei it ûntslach fan trainer Rob Maas. 

Van den Belt wie earder algemien direkteur by Cambuur. Hy ferliet yn 2015 de klup foar in direksjefunksje by FC Twente, mar dat waard gjin sukses benammen troch de finansjele problemen.

(advertinsje)
(advertinsje)