Oranjeliuwinnen ferlieze mei 4-2 fan Dútslân

25 okt 2016 - 18:36
Sherida Spitse yn aksje foar Oranje - Foto: awfoto.nl

De Nederlânske fuotbalsters, mei de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts, hawwe tiisdei in oefenwedstriid tsjin Olympysk kampioen Dútslân ferlern. De Oranjeliuwinnen giene yn Aalen mei 4-2 ûnderút. Dútslân stie by de rêst al mei 4-1 foar, mei tank oan doelpunten fan Mandy Islacker, Anja Mittag en Tabea Kemme.

Sherida Spitse tekene foar rêst foar de iennige Nederlânske treffer. Se koe in strafskop ynsjitte. Yn de slotfaze koe âld-Hearrenfeanspiler Vivianne Miedema de einstân noch op 4-2 sette.

Nederlân wie ferline wike mei 7-0 noch fierstente sterk foar Skotlân. Oranje en Dútslân binne op dit stuit dwaande mei de tariedingen op it EK fan takom simmer yn Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)