"Flaters by proseduere fergunning foar proefboarringen"

25 okt 2016 - 17:39

De minister fan Ekonomyske Saken hat proseduereflaters makke by it útjaan fan in fergunning foar proefboarringen nei gaswinning by Skiermûntseach. Dat seit de Waadferiening yn oparbeidzjen mei Natuurmonumenten, Nationaal Park Schiermonnikoog, de gemeente Skiermûntseach en 365 partikulieren.

De groep aksjefierders is dwaande mei in rjochtsaak by de Ried fan Steat tsjin de boarringen. As bliken docht dat der yndied flaters makke binne, dan soe de folsleine beslútfoarming oer moatte.

Mooglik binne dan ek de nije regels fan de Mynbouwet yngien. Dat soe betsjutte dat boarje yn de Noardseekust op minder as fiif kilometer út de kust net mear tastien is.

(advertinsje)