Undersyk nei eksploazjes brân

13 maaie 2012 - 14:08

De brânwacht sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan 'e eksploazjes by de grutte brân yn it bedriuwssammelgebou oan de Chroomwei op It Hearrenfean. Yn de nacht fan sneon op snein baarnde dat gebou folslein út. Der ha in pear grutte eksploazjes west. Nei alle gedachten binne dy en de fûlens fan de brân feroarsake troch de aceton dy't yn it gebou oplslein lei.

In team fan de brânwacht sil besjen hokker ynfloed it guod hân hat op de brân om dêrfan te learen. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)