Stroomsteuring yn Easterwâlde en omkriten

25 okt 2016 - 14:54
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der is op it stuit in stroomsteuring yn de omkriten fan Easterwâlde, Donkerbroek, De Haule en Waskemar. Dêrtroch sitte hûnderten húshâldens sûnder stroom. De steuring wurdt feroarsake troch in stikkene kabel. Der is in monteur ûnderweis. Netbehearder Liander ferwachtet dat de problemen om healwei fiven hinne wer oplost binne.

Yn Noardburgum sitte op it stuit ek wat huzen sûnder stroom as gefolch fan in stikkene kabel. De monteur is dêr al mei dwaande.

(advertinsje)
(advertinsje)